Poem

DE KRÛK

Hy dronk, wylst syn eagen de strakblauwe eagen fan
De fiskersfrou yn it swart troffen en betizen, by
De boarne, yn it soel middeisskaad fan ferlegen
Seders, rook fan fisk en hars, sicht oer see en sloepen, leech.
Stil stie sy, wylst har fersonken eagen syn drinken
Seagen yn ’e nacht fan smoarde lûden, leafdes toarst en
De goederjouske krûk op har no skrokken skouder,
Neist in ezel, blau en stil; troch it blank ear fan har earm
De see, om har heupen de branning, tusken beiden,
Ferstomme troch it stoarmjen fan in eagenblik stilte:

Sy hienen dronken, en sjoen hoe’t de fiskers yn har
Lytse sloepen stadich lytser waarden, de fan ûnthjit
Drippende netten fan ’e stjerren strakker, foller,
Twa heale moannen de griene haven yn dreauwen, mei
It sâlt fan ’e see fyn yn ’e wyn oer it brutsen
Iis yn ’e glêzen op in terras mei swarte slangen,
Wite amers; en it paad nei har hutte (néi har
Heuvel-op, de gloppen troch, fanwegen fiskersmessen)
Hie se útlein, fielend dat er komme soe, en hy
Wie har heuvel beklommen, hie him lave oan har krûk.








« back to the poet